Schotanus-Stifting
07-06-2006
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dyn âlders great.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme,
In grien, in krêftich bloeijend leat.
Mei
dizze rigels waarden 50 jier lyn de Schotanussen oproppen om te kommen ta de
oprjochting fan de Schotanus-Stifting.
Dat
slagge op 12 april 1955 yn Frentsjer. Hjoed de dei hawwe wy sa'n 165 stipers
(donateurs) en libbet de Stifting as nea tefoarren.
Wy
geane mei ús tiid mei en derom sitte wy no op it Internet.
Mear
as 1500 siden beslacht undertusken ús GENS SCHOTANA. Mar noch binne net alle
Schotanus takken útsocht. En nei it forskinen fan de earste dieltsjes is der al
wer in nije generaasje opgroeid. Ek dy moatte wer beskreaun wurde. Dit wurk nimt
gjin ein.
As jo
klikke op list
komme jo by in list der 't alle nammen fan Schotanussen, Scholtanussen en
Schotanus á Sterringa's op steane, der 't wy it bestean fan witte. As jo namme
der net op stiet, freechje wy jo om der oan mei to wurkjen dat wy ek jo bestean
fêst lizze kinne foar ús neiteam.
Stjoer
dan efkes in E-mail nei Jan Schotanus yn Gytsjerk
webmaster@schotanus-stichting.com
, dan krije jo fan him in list werom mei hwat fragen oer jo femylje.
Op de
Nederlânske siden kinne jo noch folle mear ynformaesje fine oer ús femylje
stifting en wat wy allegearre dogge.